Verslag Boeren PC 2024

De 19e BoerenPC is ferkeatst.

At je de foto’s fan Henk Bootsma sjogge dan kin je net oars as concludere dan dat it wederom in gesellige en sportieve dei wie.

Al de hiele simmer mat we as agrariërs de waarberjochten goed iene gaten halde om te sjen wanneer at je de wurksaamheden it best dwaan kinne.
Foar de keatserij op freed 6 september wiene de waarsfoarsissingen earst super. Der wie genoch animo om mei te keatsen. De animo om mei te keatsen wie der nog steeds mar toch moesten een hiel oantal dielnimmers toch wer ofmelde.

Al mei al ha 66 dielnimmers oan it keatsen west. Mede troch us grutte enthousiaste groep sponsoren gong elke dielnimmer mei in priis nei hûs.

De krânse en de cheque wiene dit jier foar JelleJan Sijbrandij.

Mar foardat de priisen utrikt wurde moest der wol keatst wurde. De dei begong mei kofje en gebak wat fersoarge waard troch de Skoalleseize.
Keatsferieniging Easterein hie wer foar soarge foar keurig strakke perken. Nei de iepening fan de foarsitter en in interessant praatsje fan Edward Jorna oer syn boek De Brand koene we los.

Healwei de dei wie der in buike mar der is net minder om keatst. Oan it ein fane middei wiene alle partijen keatst en koe de utslag bekend makke wurde. Dernei stie it ieten klear en koe els oanfalle. Under it genot fan in hapke en drankje waarden de ferhalen hjir en der steeds sterker.

Graag oant folgend jier op freed 5 september 2025

Scroll naar boven